Nije oanhâlding yn moardsaak

It hûs fan Eker yn Easterwâlde dêr't de sjitterij plakfûn © Omrop Fryslân, Eduard Rekker
De plysje fertinkt in 27-jierrige ynwenner fan Amsterdam fan belutsenheid by de dea fan Henk Eker út Easterwâlde. De 51-jierrige Eker waard op 9 jannewaris deasketten by in hûs oan de Hooge Esch yn Easterwâlde. Op dy dei waard ek al in 29-jierrige ynwenner fan Bovensmilde oanhâlden. Hy sit net mear fêst, mar wurdt troch it Iepenbier Ministearje noch wol sjoen as fertochte.
De Amsterdammer waard moandeitemoarn oppakt. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk. De plysje wurket mei 25 resjersjeurs oan it ûndersyk.