Veendam fallyt: Cambuur klimt

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Troch it fallisemint fan Veendam klimt Sportklup Cambuur in plak op de ranglist. Alle resultaten fan Veendam wurde skrast, wat betsjut dat Cambuur ien punt ynleverje moat. De Ljouwerters ferlearen yn eigen hûs en spilen út mei 1-1 lyk.
Oare klups, lykas MVV (-6), De Graafschap (-4), Sparta en Volendam (beide -3) wurde swierder troffen troch it fallisemint. Cambuur giet dêrtroch fan it sechde nei it fyfde plak. De wizigings op de stân wurde pas definityf as Veendam net yn berop giet.
De nije stân, sûnder de resultaten fan Veendam:
1. Sparta 23-46
2. Helmond Sport 25-45
3. Volendam 23-42
4. MVV 23-41
5. SC Cambuur 22-40