Leech wetter problematysk

25 mrt 2013 - 15:41

De hurde wyn smyt problemen op foar de skipfeart op it Waad en yn de haven fan Harns. It wetterpeil is troch de hurde eastewyn hiel leech. De sneltsjinst nei Flylân is moandei út de feart naam en yn de Harnzer binnenhaven driigje skippen droech te fallen.

Rederij Doeksen kin guon tsjinsten allinnich noch mei heech tij farre litte. De boaten nei It Amelân en Skiermûntseach farre gewoan neffens de tsjinstregeling. Se kinne wol fertraging oprinne.

Trefwurden: 
Harns leechwetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)