Botsing by Noardburgum

25 mrt 2013 - 14:06

Twa froulju binne moandeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok tusken Noardburgum en Swartkrús. Op de Ryksstrjitwei botsen twa auto's opinoar. Ien fan de froulju koe net út de auto wei komme. Dêrom is de brânwacht oproppen om te helpen. Beide froulju kleie oer pine yn 'e nekke nei it ûngelok.

Trefwurden: 
Noardburgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)