Natuerplan lanlike polityk

Minsken dy't de natuer skea oandogge kinne yn de takomst rekkenje op folle hegere straffen. Dan giet it bygelyks om it dumpen fan ôffal yn de natuer of beammen ferniele. Dat stiet yn in nij natuerplan fan de PvdA, D66 en Grienlinks yn de Twadde Keamer.
De partijen fine dat de natuerbeskerming folle stranger wurde moat. Boppedat moat de wetjouwing simpeler wurde. Sa wolle de partijen dat der tenei mar twa ferskillende soarten natuergebieten binne. Boppedat wolle PvdA, D66 en GrienLinks fan de jacht 'foar de wille' ôf.
Dy twa soarten natuergebiet hjitte 'topnatuer'. Alle oare natuergebieten moatte dêrûnder falle. In foarbyld dêrfan is de Veluwe. It natuerplan fan de partijen is moandei presintearre yn Den Haach. It moat úteinlik in plak krije yn de nije natuerwet fan steatssekretaris Sharon Dijksma.