Nij wenplan Hearrenfean

25 mrt 2013 - 11:57

De PvdA yn Hearrenfean hat in nij aksjeplan foar ferbettering fan de wenningmerk yn de gemeente. Dêr stean sânhûndert huzen te keap en hierders moatte trochinoar twa jier op in wente wachtsje. De PvdA stelt yn in tsienpunteplan foar om MBO-studinten in plak te jaan yn leechsteande fersoargingstehuzen of lege skoallen. In oar idee is it opsetten fan in korporaasje foar minsken dy't harren twadde hûs net ferkeapje kinne en it fia de korporaasje ferhiere kinne.

Yn april praat de gemeenteried oer de wenningbouplannen.

Trefwurden: 
Hearrenfean PvdA wenplannen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)