Tritich Friezen nei kroaning

25 mrt 2013 - 10:55

Tritich Friezen gean op 30 april nei de kroaning fan Willem-Alexander yn Amsterdam. Dat is it maksimale tal persoanen dat Fryslân op grûn fan it ynwennertal leverje mei. Op dit stuit is noch net bekend wa't mei meie. De minsken dy't troch de gemeenten foardroegen binne, wurde noch screend.

De gasten fan de kroaning reizgje op de dei sels yn ien bus nei Amsterdam ta. De ynhuldiging is yn de Nieuwe Kerk oan de Dam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)