Earste ljipaai oanbean

25 mrt 2013 - 08:35

It earste ljipaai fan Fryslân is moandei om healwei alven oanbean oan kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma. Hy hat it aai lottere om te sjen oft it farsk is.

Sneontemiddei is it earste ljipaai fûn. Melle van der Meer fan Sumar seach it aai tsjin healwei fiven lizzen by Earnewâld. Van der Meer is lid fan de fûgelwacht fan Garyp. It aai is al lottere troch de fûgelwacht en dy hat it goedkard. Ut hannen fan kommissaris Jorritsma krijt Van der Meer 15 euro finerslean, it keunstwurk de Sulveren Ljip en in oarkonde.

Trefwurden: 
ljipaai lotterje kommissaris
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)