Treinen by Wurdum ride wer

It pleatsen fan in 550 ton swiere fytstunnel ûnder it spoar by Wurdum troch is slagge. It gefaarte fan 6 meter breed en 25 meter lang stiet teplak. Sneintenacht binne de wurksumheden safier klear kommen dat de treinen moandei wer oer it spoar ride koene.
Freedtejûn is it wurk úteinset. 72 oeren is yn it wykein nonstop trochwurke. Alles moast yn ien wykein barre, omdat it treinferkear net te lang stillizze mocht. It wurk wie fanwege de minne waarsomstannichheden swier. Personiel moast faker wiksele wurde om wer op te waarmjen.