Brân troch himpkwekerij

De bakken mei himpplanten yn de útbaarnde garaazje © Robert Jan Boonstra
Der hat sneontenacht brân west yn in garaazje oan de D' Hondecoeterstrjitte yn Ljouwert. It fjoer is nei alle gedachten ûntstien troch koartsluting yn in himpkwekerij yn de garaazje. In foarbygonger ûntduts de brân en warskôge de helptsjinsten. De brânwacht hie it fjoer al gau ûnder kontrôle. By it blussen waard de himpkwekerij ûntdutsen. Ut in wente wei rûn in stroomkabel nei de kwekerij ta.
De garaazje rûn grutte skea op troch de brân. De wente hat in soad reekskea. Der wie net ien oanwêzich yn it hûs.