Ferlies follybalfroulju Snits

23 mrt 2013 - 21:58

De follybalsters fan Snits slaggen der net yn om foar de fjirde kear dit seizoen fan Alterno te winnen. Yn Apeldoorn waard it 3-1 foar de thúsploech mei de setstannen 25-20, 25-22, 24-26 en 25-15. De ploech fan coach Petra Groenland hat te krijen mei in mindere perioade, de lêste fjouwer wedstriden waarden ferlern. Tsjin Alterno, de ferrassende bekerwinner, kaam de ploech lingte en slachkracht tekoart. Mei noch fiif wedstriden te gean, bliuwt Snits fjirde yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
froulju follybal VC Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)