Earste ljipaai fan Fryslân fûn
It earste ljipaai fan Fryslân is sneontemiddei fûn troch Melle van der Meer fan Sumar. Hy seach it aai tsjin healwei fiven lizzen by Earnewâld. Van der Meer is lid fan de Fûgelwacht fan Garyp.
It aai is lottere troch de Fûgelwacht en goedkard. It foldocht dêrmei oan de easken fan Earste Ljipaai fan Fryslân.
Trefwurden:
ljipaai