ONS hâldt de wyn yn 'e rêch

23 mrt 2013 - 16:51

Koprinner ONS Boso Snits hat sneon op in winerich Snitser sportfjild mei 1-0 wûn fan ACV. Arnold Herder sette ONS mei in fier ôfstânskot al betiid yn de wedstriid op foarsprong. De thúsploech wie de boppelizzende partij, mar de hurde wyn spile de ploech fan Jan Vlap parten.

Nei rêst gong ACV op jacht nei de lykmakker. De waarsomstannichheden soargen der lykwols foar dat de gasten út Assen amper gefaarlik wurde koenen. Yn de slotfaze krige Curty Gonzales de útlêzen kâns op de 2-0, mar fierder as 1-0 kaam de koprinner net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)