Personiel De Marwei ferromme

23 mrt 2013 - 13:30

De ferromming by direksje en personiel by De Marwei yn Ljouwert is grut no't de finzenis iepen bliuwt. De finzenis fan Hoogeveen giet ticht, sa makke steatssekretaris Teeven fan justysje freed bekend. Yn it Noarden ferdwine goed 300 arbeidsplakken. Sa't it no liket hoecht der yn Ljouwert gjin personiel út.

Foar de finzenen sil der wol in soad feroarje. Yn de plannen fan it kabinet komt aanst mear as de helte fan de detinearden yn Nederlân yn in mearpersoanssel te sitten. Yn Ljouwert komme 94 sellen, dêr 't meardere minsken yn sitte.

Trefwurden: 
finzenis Marwei Fred Teeven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)