Twadde diseldief oanhâlden

jerrycans
Foar stellerij fan disel út frachtauto's yn Wolvegea is in twadde persoan oanhâlden. It giet om in 25-jierrige man út Blesdike. Woansdei waard nei in grutte sykaksje ek al in 17-jierrige Wolvegeaster arrestearre. Hy wie trapearre op diselstellerij en útnaaid, mar waard eefkes letter fêstnaam.
De ôfrûne tiid is út ferskate frachtweinen dy't yn Wolvegea parkeard stiene, brânstof stellen. De fertochte út Blesdike sit noch fêst.