Mear gaswinning NAM tastien
De Nederlandse Aardolie Maatschappij mei fan minister Kamp mear gas winne yn de Waadsee en de kustgebieten. It giet om boarplakken by Moddergat, Eanjum en It Amelân, Lauwerseach en Vierhuizen yn Grinslân.
Neffens in beslút dat publisearre is yn de Steatskrante, giet it om 15 miljard kubike meter gas ekstra foar de kommende tweintich jier. Ut de lytse gasfjilden ûnder it Waad en ek ûnder lân mei trije kear safolle gas helle wurde. Neffens de NAM sil de ferwachte grûndelgong binne de grins fan 6 milimeter yn it jier bliuwe.
As de delgong wol grutter wurdt, sil de winning minder wurde of stopsetten wurde.