Finzenis Ljouwert bliuwt iepen

22 mrt 2013 - 15:39

De finzenis yn Ljouwert bliuwt iepen. Dat hat steatssekretaris Teeven fan justysje freed bekend makke. Yn it grutte plan om 340 miljoen te besunigjen is meidield dat gebrûk fan mearpersoanssellen grutskalich ynfierd wurdt. Yn de plannen komt aanst mear as de helte fan de detinearden yn in mearpersoanssel te sitten.

De finzenis yn Veenhuizen, dêr't in protte Friezen wurkje, foldocht net mear oan de easken fan de tiid. Dêr komt nijbou, sa hat Teeven meidield.

Mooglik dat dêr in kommersjele partij yn oanmerking komt foar sawol de bou as de eksploitaasje.

Trefwurden: 
Ljouwert finzenis Marwei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)