Arts direkt fuort by Cambuur

22 mrt 2013 - 15:16

Alfons Arts ferlit SC Cambuur per direkt. Dat hat de lieding fan de Ljouwerters him tongersdeitemoarn witte litten. Arts is sûnt july 2007 aktyf by SC Cambuur. Yn 2010 waard hy haadtrener.

It kontrakt fan Arts rint oan de ein fan dit seizoen ôf. Cambuur hie al oanjûn it kontrakt net te ferlingen. Henk de Jong en Jan Bruin nimme de taken fan Arts foar de rest fan it seizoen oer. Dwight Lodeweges is per 1 july de nije haadtrainer.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)