JR Shipping yn de offshore

22 mrt 2013 - 14:32

Rederij JR Shipping út Harns sil him neist kontenerskippen mear rjochtsje op de offshore: wurk op see. De bou fan kontenerskippen wurdt hurd troffen troch de krisis. Sa binne foarich jier fiif skippen fan JR Shipping noch fallyt ferklearre.

It bedriuw tinkt dat der yn de offshore in soad kânsen lizze. Freed binne de twa earste skippen dy't ynset wurde sille by de bou fan in wynmûnepark op see yn gebrûk naam.

Neffens tradysje binne de skippen doopt troch in frou. Dit kear hie Akkie van der Wei de ear, frou fan de boargemaster fan Harns, Roel Sluiter. De skippen sette begjin april ôf rjochting Noardsee. Se wurde ynset by de bou fan in wynmûnepark boppe Borkum.

Trefwurden: 
skippen JR Shipping offshore
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)