Man falt fan dak yn Eastermar

22 mrt 2013 - 14:01

In 49-jierrige ynwenner fan Rinsumageast is freedtemoarn ferwûne rekke doe't hy fan it dak fan in wenning foel. De man wie oan it wurk op it dak fan een wenning oan de Grote Horntsweg yn Eastermar. Troch noch ûnbekende oarsaak foel hy trije meter nei ûnderen.

De man is troch personiel fan de ambulânse en de traumahelikopter behannele. Hy is nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
ûngelok ferwûne Eastermar dak
(advertinsje)