Twadde goud Ireen Wüst

Ireen Wüst hat har twadde goud yn Sotsji binnen. Op de 1500 meter fan it WK ôfstannen wie de reedrydster fan It Fean mei 1.55.38 fierwei de bêste. Yn har rit tsjin Christine Nesbitt, de kampioene fan 2012, die bliken dat Wüst in klasse apart is. Nesbitt waard op hast trije sekonden riden, goed foar brûns. Yn de lêste rit pakte Lotte van Beek it sulver yn 1.58.02. Har rivale Diane Valkenburg kaam yn 1.58.37 oer de streek, krekt as tongersdei goed foar it fjirde plak. Foar Wüst is it de tredde kear dat se wrâldkampioene op 1500 meter wurden is.
Yn 2007 en 2011 wie se ek de bêste. Wüst, de Europeesk- en wrâldkampioene allround, komt sneon yn aksje op de 1000 en 5000 meter.