Oannimmer dekte lieding net ôf

It gaslek fan tongersdeitejûn oan it Emmaplein yn Ljouwert is mei ûntstien troch in fersom fan de oannimmer. Neffens in wurdfierder fan gasbedriuw Enexis hie dy it gat ôfdekke moatten mei sân.
Unbekenden smieten in stien yn it gat. Dêrtroch ûntstie in gat yn de lieding en koe gas ûntsnappe. Tweintich húshâldings moasten har wenning ferlitte. De brânwacht hat in protte wetter brûkt om eksploasjegefaar foar te kommen. Dat wetter is troch Enexis út de liedingen pompt.