Kantongerjocht Snits ticht
De lêste sitting by it kantongerjocht yn Snits wurdt op 27 maart hâlden. Nei 1 april wurde saken út de regio Súdwest-Fryslân behannele yn Ljouwert.
It kantoar yn Snits giet ticht troch in fúzje fan de rjochtbanken yn Ljouwert, Grins en Assen. Dat wurdt de rjochtbank Noard-Nederlân. It kantongerjocht op It Hearrenfean slút op 1 july de doarren.