Gjin wetter yn part Terwispel

22 mrt 2013 - 07:55

Troch in liedingbreuk is der al in oantal oeren gjin of minder wetterdruk oan de Alde Dyk yn Terwispel en yn de direkte omkriten dêrfan.

De breuk ûntstie om trije oere hinne, yn de nacht fan tongersdei op freed. Der wurdt in reparaasje útfierd. Wannear't der wer wetter út de kraan komt, kin dat earst noch brún fan kleur wêze.

Trefwurden: 
wetter steuring Terwispel
(advertinsje)