Grut gaslek Emmaplein Ljouwert

Der hat tongersdeitejûn tusken njoggen en tsien oere in grut gaslek west op it Emmaplein yn Ljouwert. Minsken dy't yn de buert fan it gaslek wennen, waarden evakueard. It gie om in tsiental huzen en wenskippen. It treinferkear soe stillein wurde, mar dat wie úteinlik net noadich. Nei in oere hiene de meiwurkers fan Enexis it lek wer ticht en koene de minsken werom.
It gaslek is feroarsake troch in stien dy't op de gaslieding smiten is.