Sven Kramer yn lêste rit 5 km.

21 mrt 2013 - 19:01

Sven Kramer moat freed op de 5 kilometer by de wrâldkampioenskippen ôfstannen yn Sotsji yn de lêste rit ride tsjin de Súd-Koreaan Seung-Hoon Lee. Dizze Koreaan pakte yn 2010 goud op de Olympyske 10 kilometer, omdat Kramer doe diskwalifisearre waard.

Jorrit Bergsma rydt yn de foarlêste rit tsjin Bob de Jong. De 5 kilometer begjint freedtemiddei om twa oere. Dêrfoar wurde om 12 oere de 1000 meter foar manlju en de 1500 meter foar froulju ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)