Ien slaande frou bliuwt fêst

21 mrt 2013 - 17:42

De twa jonge froulju dy't op it stasjon fan Snits earst twa manlju en koart dêrnei twa froulju mishannele ha, wurde fertocht fan poging ta deaslach. Dat stiet yn de oanklacht fan it Iepenbier Ministearje.

De froulju binne tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Ien fan har bliuwt noch fjirtjin dagen fêstsitten, de oare fertochte is frijlitten.

Trefwurden: 
mishanneling stasjon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)