Ekstreem lange grypgolf

21 mrt 2013 - 17:15

Fryslân hat te krijen mei in ekstreem lange grypgolf. Dat seit arts-mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker fan Izore yn Ljouwert. De earste Friezen krige ein ferline jier de gryp. Is is no ein maart en der sitte der noch hieltyd minsken siik thús. Van Elsacker seit dat dat komt trochdat der ferskate farianten fan it grypfirus omgean. Boppedat spilet de kjeld ek in rol.

De lêste kear dat de gryp ek salang omgie wie yn 2006. Van Elsacker ferwachtet wol dat de grypgolf no hast oer wêze sil.

Trefwurden: 
gryp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)