Katten ferdronken yn de Luts

21 mrt 2013 - 15:59

Yn it wetter fan de Luts binne ferline wike trije ferdronken katten fûn. Yn de wiken dêrfoar waarden ek al sân ferdronken katten fûn. De eigeners hawwe dat melden by de gemeente en de plysje. De saak is ûndersocht. It is in riedsel hoe't de katten yn de Luts bedarre binne en oft der sprake is fan bistemishanneling.

De saak hâldt de bewennes fan Balk bot dwaande. In ynwenster is yn de sosjale media mei in aksje begûn om dúdlikens te krijen. Se stelt in beleanning fan 1000 euro beskikber. De plysje siket tsjûgen.

De gemeente sil meikoarten trepkes yn de Luts pleatse, sadat bisten wer út it wetter komme kinne.

Trefwurden: 
kat Luts poes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)