Tips oer Keningsspelen

Sport Fryslân stjoert nije wike alle Fryske basisskoallen in folder mei ynformaasje en tips oer it organisearjen fan de Keningsspelen, op 26 april. In soad skoaldirekteuren wrakelsje mei de ynfolling fan de dei om't dy let bekendmakke is. Doel is dat skoallen op 26 april de skoaldei begjinne mei in moarnsbrochje en dêrnei in sportdei hawwe.
Neffens skoallen is der hast gjin tiid foar in goede tarieding en gjin jild beskikber om de dei keninklik te meitsjen. Yn de folder fan Sport Fryslân stean organisaasjetips en aktiviteiten.