Balksters bekenne fernielings

21 mrt 2013 - 15:31

Twa jonges fan 15 jier hawwe bekend dat se yn it wykein fan 16 op 17 febrewaris fan seis auto's de spegels derôf trape hawwe. Dat barde ûnder oare yn Erasmusstrjitte en de Bogermanstrjitte yn Balk. De plysje kaam de knapen op it spoar nei in ferklearring fan in tsjûge.

By it ferhear ferklearren de jonges dat se de fernielings dien hawwe út ferfeling. De twa hawwe beide in proses-ferbaal krigen. Se moatte de skea oan de auto's fergoedzje.

Trefwurden: 
Balk fernieling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)