Earste ljipaai yn Gelderlân

© Omroep Gelderland
Lânskipsbehear Nederlân meldt dat yn Gelderlân it earste ljipaai fan 2013 fûn is. In lid fan de greidefûgelwurkgroep Binnenveld Oost seach it tongersdeitemoarn tsjin healwei achten lizzen yn in stik greide by Ede. It aai is kontrolearre en dêr hat út bliken dien dat it in farsk aai is. De finer hat it aai lizze litten. Bûten Fryslân is it net tastien ljipaaien mei te nimmen.
Yn Fryslân meie goed 6300 ljipaaien meinaam wurdt. It sykseizoen rint oant 1 april. It noch mar de fraach oft dat tal helle wurdt.