Ferwûne troch autospegel

© Omrop Fryslân
Yn De Pein is woansdeitejûn in doarpsbewenner ferwûne rekke troch in autospegel. Hy rûn oan de kant fan de Hegewei tsjin it ferkear yn. In 28-jierrige autobestjoerder út Grins seach de man net en ried te ticht by him del. De 50-jierrige man waard rekke troch de spegel en kaam te fallen.
It slachtoffer is mei ferwûnings nei it sikehûs yn Drachten brocht.