Deade by ûngelok op A32

21 mrt 2013 - 09:52

In 41-jierrige frou út Lippenhuzen is tongersdei ferstoarn oan de gefolgen fan in ûngelok op de A32. Twa auto's en twa frachtweinen wiene dêrby belutsen. It barde doe't se in file te let seach. Se moast hurd remje en kaam dwers op de dyk te stean. In frachtwein derachter seach de file ek te let en botste op de sturt fan de file.

Trije bestjoerders moasten mei ferwûnings nei it sikehûs, wêrûnder de frou. Se rekke swier ferwûne en moast út har auto befrijd wurde. Se is net lang dêrnei ferstoarn.

De A32 hast oant sawat tweintich foar ienen ôfsletten west. It ferkear moast omride oer de A7 en de N31. De file wie ûntstien trochdat de stopljochten by de fierderop lizzende Werpsterhoeke by Ljouwert bûten wurking wiene. Dêrtroch kamen der ferkearsopstoppings.

Trefwurden: 
ûngelok A32
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)