Winteropfang wer iepen
De winteropfang fan Zienn yn Ljouwert giet tongersdei wer iepen. Dat wurdt dien omdat der nachttemperatueren fan min fjouwer en leger ferwachte wurde. It is al foar de sechsde kear dizze winter dat de opfang iepengiet.
Ek foarige wike wie de winterneedopfang yn Ljouwert iepen. Der kamen doe sa'n 40 minsken de nacht.