Takomst De Ridder ûnwis

20 mrt 2013 - 14:27

Sportklup Hearrenfean lichtet de opsje yn it kontrakt fan spiler Daniël de Ridder foarearst net. Dat betsjut dat de sportive takomst fan de oanfaller ûnwis is. De 29-jierrige De Ridder kaam de ôfrûne simmer transferfrij oer fan Grashoppers út Switserlân. Hy hat dit seizoen 15 kear spile yn it earste fan Sportklup Hearrenfean.

Nei de winterstop is de bydrage fan De Ridder lyts. Hy foel op 19 jannewaris noch yn tsjin Heracles Almelo en waard dêrnei útskeakele troch in nekhernia.

Hearrenfean moast foar 15 maart witte litte oft it de opsje op De Ridder lichtsje soe. Klup en spiler hâlde de mooglikheid iepen om de kommende moannen yn petear te gean oer in langer ferbliuw fan De Ridder by Sportklup Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)