Steaten akkoart mei iishalplan

20 mrt 2013 - 12:55

Provinsjale steaten hawwe woansdei yn mearderheid stimd foar in bydrage fan ûngefear 10 miljoen euro foar de bou fan in nije iishal yn Ljouwert. Yn oanrin nei dit beslút waard yn de polityk wol twifele, want dy nije hal mei gjin konkurrint wurde fan it nije Thialf op It Hearrenfean.

Om de lêste twifel foar de diskusje yn provinsjale steaten fuort te nimmen, hat de iishal fan Ljouwert dêrom sels yn in amendemint fêstlizze litten dat der gjin WK's, EK's of wrâldbekerwedstriden ôfpakt wurde fan it iisstadion Thialf op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)