Mear feiligens foar fytsers

20 mrt 2013 - 12:02

De provinsje wol gefaarlike oerstekplakken oanpakke om sa it ferkear foar fytsers feiliger te meitsjen. Ek binne der plannen foar mear ferkearsedukaasje. De provinsje hopet hjirmei in soad swiere ûngelokken mei fytsers yn de takomst foar te kommen.

Ut it rapport Ferkearsfeiligens yn Fryslân docht bliken dat de meast earnstige ferkearsslachtoffers yn Fryslân fytsers binne. De provinsje hat in plan fan oanpak makke, mei de namme "Fyts feilich yn Fryslân".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)