Holwert wiis mei gemaalplan

20 mrt 2013 - 09:48

Doarpsbelang Holwert is wiis mei de plannen dy't it wetterskip by it doarp hat. It wetterskip wol dêr oan de Waadsee in gemaal en in slûs bouwe. Neffens doarpsbelang foarmet dy bou in moaie oanfolling op de besteande projekten dy't der al binne om mear toeristen nei it doarp te lûken. Dy projekten wurde betelle troch de gemeente, provinsje en it ryk. Neffens doarpsbelang sille mear toeristen foar mear wurkgelegenheid soargje en sille ek foarsjennings bestean bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)