Ljouwerter stelt en mishannelt

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat moandeitejûn in 28-jierrige Ljouwerter oppakt fanwege mishanneling. In kasjêre fan in supermerk oan de Van Loonstrjitte hie sjoen dat de man in oare Ljouwerter skopte en sloech, ek doe't dy al op 'e grûn lei. Wêrom't de twa rûzje hiene, is net dúdlik. By it ûndersyk fan de plysje die bliken dat de 28-jierrige Ljouwerter ek twa flessen drank by him hie. Dy hie er stellen by de supermerk. De plysje hat in proses-ferbaal tsjin him útskreaun, boppedat krijt de man in winkelferbod oplein foar de supermerk.