Jonge stekt heit mei mes

20 mrt 2013 - 09:31

De plysje hat tiisdeitemiddei in 15-jierrige ynwenner fan Drachten oppakt. De jonge krige op de Handwerkerszijde yn syn wenplak rûzje mei syn âlden en sloech dêrby syn mem. Doe't syn heit tusken beiden kaam, waard dy stutsen mei in mes. It slagge de heit om de jonge tsjin de grûn te wurkjen. Omstanners skeakelen de plysje yn, dy't de jonge oernaam fan de heit. Dy moast troch ambulânsepersoniel behannele wurde oan syn earm.

Trefwurden: 
Drachten plysje stekpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)