Noch gjin ekskús Jasper S.

20 mrt 2013 - 07:02

Jasper S., dy't der fan fertocht wurdt Marianne Vaatstra om it libben brocht te hawwen, sil foarearst net syn ekskús oanbiede oan har famylje. Dat seit syn advokaat Jan Vlug. Neffens him sjocht Jasper S. der fan ôf, omdat de heit fan Marianne oanjûn hat dat dy der net op sit te wachtsjen.

Nei de earste sitting yn febrewaris makke de advokaat bekend dat Jasper S. syn ekskús oanbiede woe, mar dy sjocht dêr no earst fanôf. Neffens de advokaat komt dat ekskús der letter mooglik noch wol, mocht de famylje dêr romte foar biede.

Nije wike tongersdei moat Jasper S. foar de rjochter ferskine en wurdt de saak ynhâldlik behannele.

Bauke Vaastra is bliid dat Jasper S. net mei in ekskús komt. Neffens him kinne je yn dit gefal ek gjin ekskús meitsje. Dat soe kinne as je wat stellen hawwe, mar net by moard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)