Mediafûns iepen foar oanfragen

19 mrt 2013 - 18:11

Fan tongersdei ôf kinne sjoernalisten en mediabedriuwen in berop dwaan op it Fryske mediafûns. Fersiken kinne oant 24 maaie yntsjinne wurde. Ald-steatssiktaris Joop Atsma wurdt de foarsitter fan it nije Fryske mediafûns. Hy komt oan it haad fan in kommisje dy't it kolleezje fan deputearre steaten ûnôfhinklik advys jout oer de oanfragen. Dêr sit 350.000 euro yn it fûns.

Sjoernalisten en mediabedriuwen dy't ûndersyk dwaan wolle nei saken dy't spylje yn de Fryske mienskip of wat dwaan wolle oan fernijings kinne in oanfraach dwaan.

Trefwurden: 
Mediafûns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)