Ried fan Europa yn Ljouwert

19 mrt 2013 - 16:01

In kommisje fan de Ried fan Europa yn Straatsburch hat him tiisdei yn it provinsjehûs yn Ljouwert de hiele dei bûgd oer de gefolgen fan skaalfergrutting foar de Fryske taal en kultuer. It Frysk soe wolris oan de krapperein komme kinne troch skaalfergrutting, sa it it idee.

De kommisje fan de Ried fan Europa bestiet út in Fin, in Rus en in Moldavise, bystien troch amtners en tolken. Harren opdracht is om te ûndersykjen yn hoefier't Nederlân him hâldt oan it ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden.

De kommisje prate de hiele dei mei fertsjintwurdigers fan ferskate Fryske organisaasjes lykas AFUK, EBLT, Konsultatyf Orgaan, Omrop Fryslân, Ried fan de Fryske Beweging en SFBO. De Ried fan de Fryske Beweging hat tsjin de kommisje fan de Ried fan Europa sein dat der foaral gjin 'lânsdiel noard' komme moat. Foarsitter Benedictus die dit yn it Frysk. In tolk sette syn wurden oer yn it Ingelsk. De kommisje fan de Ried fan Europa giet woansdei en tongersdei fierder mei har ûndersyk yn Den Haach. It earstfolgjende rapport fan de kommisje fan de Ried fan Europa oer lidsteat Nederlân wurdt net earder ferwachte as de kommende hjerst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)