Soarch kin net sûnder profs

De oerheid moat goed yn de gaten hâlde dat der nei de oerheveling fan soarch fan it ryk nei de gemeente genôch beropskrachten beskikber bliuwe. Fersoarging en medyske soarch bliuwe taak fan beropskrachten en kin net dien wurde troch famylje, freonen of frijwilligers.
Dit fynt de WMO-advysried, dy advisearret gemeenten oer hoe't de soarch der út sjen moat as de AWBZ yn de WMO komt. De regeling giet yn op 1 jannewaris 2014, it is noch net dúdlik hoefolle jild de gemeenten krije fan it ryk.