Saak speedboatûngelok moat oer

19 mrt 2013 - 15:29

It gerjochtshôf yn Ljouwert moat de saak fan it speedboatûngelok yn 2008 oerdwaan. Dat hat de Hege Ried bepaald. Neffens de Hege Ried is it alkoholgebrûk fan ien fan beide fertochten net neffens de regels ûndersocht. Sa is der foar de bloedproef gjin blaastest ôfnommen en is de fertochte gjin tastimming frege.

By it ûngelok op it PM-kanaal yn juny 2008 botste in speedboat mei hege snelheid tsjin in frachtskip. In 42-jierrige man kaam dêrby om it libben. Twa manlju út Ljouwert krigen in taakstraf foar roekeleas farren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)