Beammen dochs om foar nije dyk

19 mrt 2013 - 14:17

In tsjinfaller foar de stichting It Griene Erfgoed yn de striid tsjin de Sintrale As. De bestjoersrjochter hat moandei útspraak dien yn de saak, dêr't de stichting yn besiket de kap fan in tal beammen en it slopen fan in pleats tsjin te hâlden.

Neffens de rjochter hat de stichting gelyk dat de ûntheffing fan de provinsje net doocht. Dochs tinkt de rjochter dat de provinsje wol in nije ûntheffing foarinoar krijt en wol yntusken it wurk net stillizze.

Dat betsjut dat de pleats by Nyegea sloopt wurde mei. It is noch net bekend oft de stifting yn berop gean sil by de Raad van State.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)