Ferset tsjin oanhâlding

19 mrt 2013 - 12:38

De plysje hat moandeitenacht yn de Sieverstrjitte op It Hearrenfean in 18-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden. Hy waard op de died betrape doe't hy in fyts stiel. Hy naaide út, mar koe letter yn de Companjonsstrjitte oanhâlden wurde. Dêr wie hy in hûs yngien, wylst de stellen fyts yn de tún stie.

De plysje woe de fertochte oanhâlde, mar twa bewenners fan it hûs, in 43-jierrige man en in 39-jierrige frou besochten dat te kearen troch de plysje te skoppen en tsjin te hâlden. Sy binne dêrfoar oanhâlden en ynsletten.

Trefwurden: 
ferset stellerij oanhâlding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)