Besite fan man Lúnbert socht

19 mrt 2013 - 10:48

It is noch nét dúdlik oft de man yn Lúnbert, dy't snein dea fûn waard, troch in misdriuw om it libben kaam is. Moandei waard de 57-jierrige man troch kunde fûn yn de fiver achter syn hûs. De plysje hat seksje op it lichem ferrjochte. Dêrút is wol de deadsoarsaak nei foaren kaam, mar dy wurdt net bekend makke. In misdriuw noch hyltyd net útsletten.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat de man sneontejûn besite hân hat, wêrûnder yn elk gefal ien frou. De besite is yn nachts nei tolven wer fuortgien. De plysje siket kontakt mei dizze minsken

In resjerzjeteam fan 20 minsken wurket oan de saak.

Trefwurden: 
Lúnbert deade man
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)