VVD: yngripe by Caparis

Caparis yn Drachten © Google Street View
De VVD-fraksjes fan Ljouwert en It Hearrenfean wolle yn aksje komme tsjin de finansjele problemen by Caparis. De sosjale wurkfoarsjenning hat te krijen mei in flink tekoart. Oer 2012 hie Caparis in tekoart fan mear as 5 miljoen euro. De acht dielnimmende gemeenten lizze dat tekoart by. Foar 2013 wurdt in tekoart begrutte fan 7 miljoen. De VVD wiist der op dat Empatec, de oare Fryske wurkfoarsjenning, positive sifers hat. De fraksjes freegje har ôf hoe't dat kin en wolle dat der by Caparis yngrepen wurdt.